Mukpop 2024
Mukpop Logo

FSF

Hoe âld moat ik wêse om op Mukpoop te kommen?

Om op it Mukpop terrein talitten te wurden moatst oantoane kinne datsto minimaal 18 jier bist op de datum fan it festival.

Hoe kom ik yn hemelsnamme op de Reidpôle?!

It makkelikst is mei de auto of mei de trekker. Ik soe dizze dan wol stean litte en in taxi werom pakke want de bierkes binne hearlik op Mukpop. We skinke nammentlik écht Heineken pils. Mochtest flakbij de Reitpôle wenje dan kinst fansels makkeliker mei de fyts of rinnende. Wy ha nammentlik in moaie fytsestalling makke neist it terrein. 
Wat ek noch mooglik is, is mei it iepenbier ferfier. Do nimst dan de intercity tusken Ljouwert – Snits of Snits – Ljouwert. Stapst út yn Mantgum en dan rinst yn westelike rjochting nei Jorwert. As it goed is en de wyn de goede kant op stiet dan kinst de muzyk wol hearre. Dit is trouwens allinich oan te bevelen foar de échte kuierfanaten ûnder jimme want de tocht Mantgum – Mukpop is een lytse 25 minuten. 
De organisaasje dielt gjin médaljes út by oankomst.

Is der in garderôbe?

We ha op it stuit gjin garderôbe. It is wol ferstandich om it waar yn de gaten te hâlden en dêr op te klaaien. It kin jûns gau kâlder wurde dus in fest of in jaske is net ûnferstandich.

Wat no as ik honger krij fan al dat bier?

Gjin probleem! Fansels ha wy hjir oer neitocht. Der binne ferskate hearlike hapkes te krijen op ús Mukpop terrein. Do hoechst dus net dyn bôletromke mei te nimmen. Ek foar de fegetariërs ûnder jimme ha wy fansels in hearlik hapke.

Wat no as ik myn dikke tean stjit?

Heare heare omkoal! Kin gebeure fansels, en gelokkich ha wy EHBO oanwêzich op Mukpop. Dy kinne der gau in tútsje en in pleisterke op dwaan sadast gau wer it feest yn kinst!

Ik seach dy buttons. Krij ik dy ek?

Jawis! Ast do it terrein op komst dan krijst in échte Mukpop button. Bewarje dizze goed want it is ek dyn entreebewiis. En fansels wolst ek oan dyn matties sjen litte dast do op Mukpop west hast want dat is fet slay.

© Copyright Mukpop - 2024

Spotify Spotify playlist